De doarpstún fan Snakkerbuorren giet ticht. Dit wykein is de tún foar it lêst iepen foar publyk. Neffens it bestjoer is it net mear helber om de tún iepen te hâlden omdat der te min minsken binne dy't de boel draaiende hâlde kinne. In lytse groep minsken is no dei en nacht yn it spier en dat is net mear fol te hâlden. Der is ôfrûne winter besocht om jild te krijen om minsken oan te nimmen, mar dat is net slagge. Sneon is der noch in ynformaasjegearkomste foar belangstellenden.
Je moet lid zijn van Nederlandstalige Nieuwsmedia om reacties te kunnen toevoegen!
Wordt lid van Nederlandstalige Nieuwsmedia