Salademakker Smilde Foods yn Easterwâlde krijt fyftich arbeidsplakken fan 'e fêstiging Emmen. It fabryk dêr giet ticht, omdat it net mear genôch opbringt. De direksje giet derfan út dat al it personiel meigiet nei Easterwâlde. It fabryk yn Easterwâlde wurdt de kommende tiid yngreven opknapt. Doel is dat dat begjin 2012 klear is. De fakbûnen hawwe begryp foar de stap fan Smilde Foods, mar wolle noch wol prate oer de gefolgen foar it personiel.
Je moet lid zijn van Nederlandstalige Nieuwsmedia om reacties te kunnen toevoegen!
Wordt lid van Nederlandstalige Nieuwsmedia