De ekstreme waarmte soarget op de wurkflier foar lestige situaasjes. Dakdekkers yn Lichtaard begûnen freedtemoarn al om seis oere om noch ridlik noflik wurkje te kinnen. De manlju wurkje troch oant 12 oere, dêrnei is it net mear te dwaan. Op de Uniaskoalle yn Wurdum begûnen de bern ek earder fanwege de waarmte.
In soad minsken sochten ferkuolling op is strân yn Makkum. Fanwege it fuotbaljen binne freedtemiddei in soad minsken earder nei hûs ta gien
Je moet lid zijn van Nederlandstalige Nieuwsmedia om reacties te kunnen toevoegen!
Wordt lid van Nederlandstalige Nieuwsmedia