Yn Fryslân moatte 200 hiele hege wynmûnen komme. Dy moatte foar mear as de helte fan it elektrisiteitsferlet soargje. Mei dat plan komt it Platfoarm Duorsum Fryslân. De wynmûnen wurde mear as hûndert meter heech. Se moatte de 320 wynmûnen dy't no yn Fryslân steane ferfange. It plan wurdt freed presintearre oan de provinsje. De binne trije opsjes foar de lokaasje foar de nije wynmûnen. Ien derfan is dat 200 doarpen yn de provinsje elk sa'n wynmûne krije.
Je moet lid zijn van Nederlandstalige Nieuwsmedia om reacties te kunnen toevoegen!
Wordt lid van Nederlandstalige Nieuwsmedia